Ga naar de inhoud

Premjêre fan ‘De hertslach fan in stjer’.

de HERTSLACH FAN IN STJER – kantate oer it ljocht dat altyd socht hat om ús lok
foar mingd koar, fluit en piano
teksten Eppie Dam –  muzyk Jan de Jong

Hoop as libbenshâlding
De ierde is yn lêst en de wrâld fierder fan hûs
as oait. Do silst mar leauwige wêze yn dizze tiid,
goed opbrocht yn geloof, hoop en leafde. Foar
in protte minsken mear ballêst as befrijing. En
likegoed betsjut hoop noch wat yn de gloednije
kantate De hertslach fan in stjer fan Eppie Dam
en Jan de Jong.
Dy giet snein 11 febrewaris om 15.00 oere yn
premjêre yn De Paadwizer
(Siemen de Jongstrjitte 2) yn Balk.
Utfierd troch de betûfte sjongers fan It Kwartettekoar û.l.f. Feike van Tuinen.
Sa’t we Eppie Dam as lietdichter kenne, komt net alle seine hjir fan boppen. Krekt oarsom, it begjint altyd ûnder. We moatte gjin wûnders ferwachtsje, behalve fan ússels. Net om ’e nocht stiet boppe de ynlieding op de kantate in sitaat fan de Flaamse auteur Stefan Hertmans: ‘Hoop is een attitude; het goede nieuws: die kun je aanleren’

Hoop as libbenshâlding.
Yn acht lêsteksten en acht lieten wurdt fan de hoop noch wat makke. Net tsjin better witten yn, want better witte wij. De stjer út ljocht ûntstien sprekt fan leafde mei bevend en klopjend hert. Moaier kin in mins geloof net meitsje.